Dit seizoen spile it tredde foar de fjirde kear tsjin Flamingo’s út Bûtenpost. Yn de foarige trije wedstriden wiene de twa ploegen hieltyd oan inoar weage, dus we moasten hjoed oan’e bak. De Bûtenposters hawwe in jong fanatyk team, dat mei in heech tempo spilet. Boppedat ha se noch in pear goeie brekizers op de bank sitten. It Fean moat it mear fan harren rûtine en it skot ha.

Mei dat lêste siet it de earste tsien minuten wol goed. Henk poeiere der twa fan fiere ôfstân yn en it twadde oanfalsfak skoarde ek frij flot troch in skot fan Peter en in strafworpke fan Evert: 0-4. Flamingo’s smieten it tempo omheech en wisten troch knap kuorbalspul werom yn ‘e wedstriid te kommen. Nei 25 minuten hienen de Bûtenposters de efterstân fuortwurke: 4-4. Flak foar it skoft joech It Fean wer gas. Troch doelpunten fan Henk en Peter koene we mei 4-7 oan de tee. 

Yn de twadde helte sette Flamingo’s, mei help fan in pear wikselspilers, nochris de efterfolging yn. De kondysje en waarmte spilen It Fean parten. Sadwaande kaam Flamingo’s healwei lyk: 9-9. Jantina en Peter skeaten de Feansters wer nei in 9-11 foarsprong. Mei noch 30 minuten te gean, makke Bûtenpost der 10-11 fan. De lêste fiif minuten wienen spannend en dreech, mar It Fean koe mei hiel lange oanfallen de twa punten binnen tôgje. Takom wike de lêste thúswedstriid op “It Ketting”. Jo binne allegear útnoadige om te supporterjen om 17.00 oere. 

Groetnis 

Evert Bron

Plaats reactie

Doe via deze knop een donatie voor realiseren nieuwe ontmoetingsruimte.

Donatie tbv nieuwbouw

Hoofdsponsor

Websponsoren

Datum Tijd Wedstrijd Meer
Bekijk volledig programma
Wedstrijd Datum Uitslag
It Fean / Boelenslaan MW1 - NQL MW122 mrt.16 - 12
Bekijk alle uitslagen

Agenda